Henk de Jong en Robert Mühren fan SC Cambuur bêste fan de kompetysje

20 maaie 2021 - 20:59

De prizekast fan SC Cambuur rekket hieltyd foller. Dit kear meie trainer Henk de Jong en spits Robert Mühren in priis taheakje oan harren persoanlike samling. Henk de Jong is útroppen ta bêste trainer fan de Keuken Kampioen Divisie. Spits Robert Mühren is útroppen ta bêste spiler fan de kompetysje. Hy waard mei 38 doelpunten topskoarer.

Foto: Orange Pictures

De beide mannen krigen in saneamd gouden skyld. De Jong ûntfong ek in fideoboadskip fan ferneamde minsken út de fuotballerij. Bygelyks Arne Slot, Wim Jonk en Hans Nijland sprutsen de Drachtster ta.

Cambuur belibbe yn geweldich seizoen en waard kampioen. De Ljouwerters komme takom seizoen út yn de earedifyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)