Gemeenten warskôgje foar skerpe stikken sinnepaniel nei brân: hâld fee binnen

De gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân en Dantumadiel warskôgje foar skerpe diggels fan sinnepanielen, dy't frijkaam binne by de grutte brân yn in houthannel yn Noardburgum. Boeren krije it advys om harren fee binnen te hâlden.
© Noordernieuws/De Vries Media
Yn in grut gebiet om Noardburgum hinne binne stikjes sinnepaniel fûn, yn de rjochting fan Feankleaster, De Westereen en Kollumersweach. De skerpe stikjes sinnepaniel kinne gefaarlik wêze foar fee. Wa't stikjes sinnepaniel fynt op it hiem, kin se it bêste mei moffen oan yn de kontener smite.
Hoe grut it gebiet krekt is dêr't de stikken bedarre binne, wit boargemaster Gebben fan Tytsjerksteradiel noch net. "Gewoanwei sjogge je dat it yn de omjouwing delslacht by in brân. Mar dizze brân wie sá hyt en der wie sá'n grutte reekplom. It is yn fjouwer gemeenten delkaam."

Meldingen by gemeente

De gemeenten freegje om in melding op de webside fan Tytsjerksteradiel te dwaan fan de stikjes, sa't sy witte hoe grut it gebiet krekt is wêr't de diggels telâne kaam binne. Ek foar stikjes yn de greide kin kontakt lein wurde mei de gemeente.
© M. Sipma
Foar de eigeners fan de houthannel is it in grut drama, dat bliuwt de kearn, seit Gebben. "Ferskriklik as je bedriuw en je hûs yn koarte tiid ôfbrâne. It minsklike drama moatte we net út it each ferlieze. Ik ha der west en ús meilibjen utere. Ynkoarten prate we mei de famylje hoe't se no fierder wolle, oft se it bedriuw bygelyks trochsette wolle."

Donaasjes

Yntusken is ek in online aksje opset om donaasjes binnen te heljen foar de troffen famylje. Dêr is freedtemoarn mear as 35.000 euro ophelle troch hast 1.200 donateurs.