Needgjalp fan deputearren: "Smyt de kultuersektor sa gau as mooglik iepen"

Musea, teäters, poadia, bioskopen en oare kulturele sealen moatte sa gau as mooglik wer iepen. Dêrta roppe alle kultuerdeputearren op yn in brief oan it Ryk, mei opsteld troch de Fryske deputearre Sietske Poepjes. 'Kultuer is gjin lúkseprodukt', skriuwt sy. De kultuersektor moat dêrom foarrang krije by nije ferrommingen.
Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
It ûnderskied tusken hoareka en winkels oan de iene kant en musea en poadia oan de oare kant moat fan tafel, fine de deputearren. Sietske Poepjes hat mei Michiel Rijsberman (Flevolân) en Anita Pijpelink (Seelân) in brief skreaun oan it Ryk, út namme fan alle deputearren yn it lân.

Lytse oerheden kinne net alles

"Gemeenten en provinsjes dogge in soad om de sektor te stypje, mar kinne net alles", jouwe de deputearren oan. "De keunst- en kultuersektor is fan grut belang, ekonomysk én sosjaal, foar ús mienskip. Dêrom ferstjinnet it no romte."
Der soe in ein komme moatte oan de grutte coronabeheiningen yn de kultuer. Want keunst en kultuer binne wichtich foar it wolwêzen en de sûnens. Dêrnjonken hat de sektor ek ekonomyske wearde.

Jou sektor de romte

"Wy binne fansels allegearre bliid dat de coronamaatregels stadichoan minder strang wurde. Allinnich dizze nije romte jildt net foar teäters of oare poadia", skriuwt Poepjes yn de brief oan it regear. Neffens har is de sektor der klear foar. Alle protokollen en wurkwizen soene oanwêzich wêze.
Tagong ta kultuer mei de stipe fan in coronatest soe kinne, mar foar in boarger moat der wol in kar bliuwe, sa skriuwe de deputearren.
Deputearre Sietske Poepjes leit út wêrom't it kin: