Earmoede moat noch mear út taboesfear om bern net de dupe wurde te litten

20 maaie 2021 - 21:58

Op earmoede sit in grut taboe. Húshâldingen meitsje noch lang net altyd gebrûk fan besteande jildpotsjes om bern sporte te litten, foar muzykles of in jierdeisfeest. Yn Ljouwert is tongersdei de kampanje 'Samen voor alle kinderen' úteinset om minsken te wizen op de mooglikheden.

De gemeente kin mear minsken helpe:

'Samen voor kinderen' is in inisjatyf fan Leergeld Nederland, Jeugdfonds Sport en Cultuur, Nationaal Fonds Kinderhulp en stichting Jarige Job. Sy hawwe as doel de goed 300.000 bern yn Nederlân dy't yn earmoede opgroeie, te helpen.

Dat is hurd nedich, seit Paula van der Veer fan stichting Leergeld Leeuwarden: "Der is noch altyd in grut taboe op dit ûnderwerp. En dat is skande, want wy kinne minsken echt helpe."

Net allinnich húshâldingen dy't libje fan in útkearing komme yn oanmerking foar help, seit Van der Veer: "Nee, as jo in ynkommen hawwe fan rûchwei 1500, 1700 euro, dan is it al dreech om rûn te kommen. Krekt dy minsken wolle wy graach berikke."

Gemeente kin mear minsken helpe

Dat it noch hieltyd in taboe is, fernimme se ek by de gemeente Ljouwert. Hein Kuiken is dêr wethâlder: "We houden ieder jaar geld over. Dat zou niet zo moeten zijn. Maar mensen schamen zich en dat moet niet hoeven. We hebben dan ook een opdracht die mensen niet over het hoofd te zien en te helpen. Daarom is dit ook zo belangrijk."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De kampanje begûn mei in fotoshoot fan basisskoallebern by in 3D-tekening op it Saailân yn Ljouwert. Se waarden bystien troch de twa Ljouwerter berneboargemasters Fien Mare Lemke en Karlijn de Snoo.

Beide hoopje se dat dizze oandacht foar it gearwurkingsferbân âlden dy't it dreech hawwe, derta oanset om help te sykjen: "Dat kinderen erover durven te praten. Dat ze het niet makkelijk hebben. Dat het ouders dan aanzet om naar de website te gaan."

Dochs witte Karlijn en Fien Mare ek dat it makliker sein is as dien: "Er wordt niet makkelijk over gesproken. Mensen schamen zich dat ze iets niet kunnen betalen. Of dat ze het zeggen en dat ze dan erop worden aangekeken. Het is iets dat gevoelig ligt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)