Wêr binne de Jankes, Sijkes en Epkes? It giet min mei Fryske foarnammen

20 maaie 2021 - 21:57

"Als het zo doorgaat worden er over 50 jaar niet veel Friese voornamen meer gegeven." Dat seit nammekundige Gerrit Bloothooft fan Universiteit Utrecht, dy't tongersdeitejûn in online lêzing jout oer Fryske nammen. Neffens Bloothooft is it in ferearming. "Het stemt toch somber," seit hy. Want faak binne it prachtige, karakteristike nammen.

Wa hjit der noch Epke yn de takomst? - Foto: Orange Pictures

Yn Fryslân binne grif de measte regionale foarnammen fan it lân, mar de tendins is wol dat it ôfnimt. Yn Ljouwert, Snits en Harns krije noch mar minder as 10 persint fan de bern in Fryske foarnamme, sa docht bliken.

Dreech te ferklearjen

Neffens Bloothooft is it dreech om wittenskiplik te ferklearjen wêrom't guon nammen út 'e graasje reitsje. "Ouders zeggen vaak: ik vind die naam mooi. Als je dan vraagt waarom dan, dan zegt men: dat weet ik niet. Dat maakt onderzoek wel lastig, je krijgt niet echt grip op waarom namen populair worden of juist niet."

Bloothooft stie sels oan it begjin fan de Nederlandse Voornamenbank fan it Meertens Instituut. Foarnammen binne in persoanlike utering fan wat âlden wichtich fine, sa seit hy. Dêrmei ek in soarte fisitekaartsje foar de taal en kultuer.

Ferneame nei famylje

Eartiids wie it simpel: minsken neamden harren bern nei de famylje. De earste soan nei de pake fan heitekant, de earste dochter nei de mem fan memmekant. Dêrnei folgen de oare pake en beppe en as dy nammen op wiene, dan kamen de omkes en muoikes oan bar.

Gerrit Bloothooft fan Universiteit Utrecht

"Dat waren klassieke, traditionele namen die door vernoeming werden doorgegeven, maar waar het ook slecht mee gaat. Denk aan Anne, Douwe, Sjoerd, Tjeerd, Bauke, Fokke, Sietse, Lieuwe. En voor vrouwen Sjoukje, Aukje, Jitske, Baukje, Geeske, Rinske, Tietje."

Under de 20 persint

Mar ferneaming is hjoed-de-dei minder en âlden kieze ek minder foar Fryske foarnammen, fertelt Bloothooft. "Het ligt nu op minder dan 20 procent. Terwijl rond 1950 nog zeker 50-60 procent van de kinderen een Friese voornaam kreeg. Dus het gaat wel echt achteruit."

Revival fan nammen

Dochs is der ek noch in ljochtpuntsje: "Er zijn ook oude Friese voornamen die weer populair worden en een revival beleven. Dan moet je denken aan Jorrit, Hylke, Hessel, Djurre, Riemer, Amarins, Rixt, Doutzen, Elske. Veel van deze namen zijn pas na 2000 echt populair geworden." De ''tsje"-nammen ferdwine en meitsje plak foar de "ke"-nammen: Frouke yn stee fan Froukje.

Marrit Leenstra: de namme 'Marrit' belibbe in revival - Foto: Orange Pictures

Somtiden sels lanlik, seit de wittenskipper. "Denk aan namen als Femke en Nynke. Maar dan herken je de Fries er ook niet meer aan. Ook namen als Marrit, Jildou en Brecht beleven een revival. Als dat door blijft gaan, dat er oude namen opnieuw gekozen worden, dan verliezen we ze niet."

Mear ynformaasje oer de online lêzing 'Hebben Friese voornamen toekomst?' is hjir te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)