"Mei-inoar neitinke oer stroomkabelrûten by Noardsee, ek mei oare lannen"

It oanlizzen fan stroomkabels troch Skiermûntseach hat 'onherstelbare natuurschade' ta gefolch. Dêr warskôget it oerlisorgaan fan Nasjonaal Park Skiermûntseach foar yn in brief oan demisjonêr minister Bas van 't Wout fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Tal fan partijen ûnder de paraplu fan it Nasjonaal Park freegje de minister mei klam om nochris te sjen nei it beslút foar de westlike rûte troch it eilân.
Arjen Kok fan Natuurmonumenten © Omrop Fryslân
It oerlisorgaan Nasjonaal Park Skiermûntseach bestiet út ferskate partijen: fertsjintwurdigers fan de gemeente, provinsje, Natuurmonumenten, Wetterskip Fryslân, ûndernimmers en boere- en natuerorganisaasjes. Allinne Rykswettersteat Noard-Nederlân nimt gjin stânpunt yn de kwestje yn. De oare partijen fine dat der sjoen wurde moat nei alternativen.

Mei-inoar oplûke

"It is goed dat al dizze organisaasjes mei-inoar optrede," seit Arjen Kok fan Natuurmonumenten. "Neffens ús kin it op in bettere wize, sûnder safolle natuerskea. It giet no om in hiel ûngaadlike rûte. It is in logistike puzzel, mar wy fine dat it better kin."

Dútslân en Denemarken der by?

It is ek net allinne in Nederlânske opjefte, seit Kok. "Miskien kinne wy ek yn 'e mande mei Denemarken en Dútslân sjen hoe't wy wynenerzjy op see it bêste foarmjaan kinne. Wy binne net tsjin it Klimaatakkoart, dus wynenerzjy moat der komme. Mar op dizze wize moat it ek net," stelt Kok.
Hy hâldt dêrom hoop op in oare rûte foar de stroomkabels. "De minister hat kenber makke noch in 'heroverweging' yn de holle hat. Dêr binne wy wol wiis mei, want wy hoopje dochs op in alternatyf."
Arjen Kok fan Natuurmonumenten