Tal nije Fryske coronabesmettingen nimt dochs wer ta nei 127

20 maaie 2021 - 15:21

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 127 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 12 mear as woansdei. Doe giet it om 115 nije besmettingen. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 132 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (23), folge troch De Fryske Marren (18) en Súdwest-Fryslân (16).

Fjouwer minsken opnaam

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der binne fjouwer persoanen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Hearrenfean, Opsterlân en Noardeast-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 4.688 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike 4.567 coronabesmettingen de dei fêststeld yn Nederlân.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)