HEA! De skieppehoeder en syn mem

20 maaie 2021 - 14:46

Doe't Sam Westra tweintich jier lyn út Parys weromkaam, moast er in hiel nij libben opbouwe. Syn mem Antine Sterkenburg wie foar de hobby dwaande mei hûnen en skieppedriuwen. Sa waard Sam skieppehoeder. Hy weidet syn keppel fan 160 skiep yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer by Ljouwert en docht ek noch it behear fan it terrein. Mem Antine (82) is noch alle dagen mei nei de skiep.

HEA! Hoeder Sam

(Advertinsje)
(Advertinsje)