Ajax ferhiert Kik Pierie opnij oan Twente

Ljouwerter Kik Pierie spilet takom seizoen opnij by FC Twente. De âld-spiler fan SC Hearrenfean is eigendom fan Ajax en waard ferline seizoen troch de Amsterdammers ek al ferhierd oan de klup út Enschede.
© Omrop Fryslân
Technysk direkteur Jan Streuer seit yn in interview mei de Twentsche Courant Tubantia dat er takom seizoen mear fan de sintrale ferdigener ferwachtet: "Hoewel ik vind dat dat hij beter kan, hebben we alle vertrouwen in hem. Hij blijft zeker. Dat is al rond met Ajax."
Twa seizoenen lyn makke Pierie de oerstap fan SC Hearrenfean nei Ajax. Yn syn earste seizoen wist er net te oertsjûgjen en spile er syn wedstriden foaral by de beloften fan de Amsterdammers.
Dêrnei is besletten Pierie te ferhieren oan FC Twente. Dit seizoen kaam er ta 24 wedstriden. Fanwege in blessuere miste er de lêste duels.