Juristen ha ûndersyk dien: 'Wolvestek is juridysk mooglik'

It is juridysk mooglik om wolven te kearen mei in grut stek. Dat konkludearje advokaten op basis fan eigen ûndersyk. Tsjinstanners sizze dat natuerbeskermingswetten sa'n stek net tastean.
© ANP
De juristen hawwe it ûndersyk dien yn opdracht fan in stichting dy't it stek pleatse wol. Sa wolle se it fee beskermje tsjin de wolf.
Yn de omkriten fan It Hearrenfean is koartlyn in wolf sjoen. Boeren binne benaud foar it bist en guon jagers wolle derop sjitte.
Juristen fan in Grinzer kantoar Bout Advocaten sizze no dat de wet Natuurbescherming en de Habitatrichtlijn gjin beswieren sjogge yn in stek om it part fan Fryslân dêr't in protte fee yn de greiden rint.
De wolf is yn hiel Europa beskerme, en mei net deamakke of fersteurd wurde, mar it pleatsen fan in stek om in gebiet dêr't op dat stuit gjin wolven libje, is gjin fersteuring, sizze de advokaten.
De advokaten wize der ek op, dat in stek Fryslân noait hielendal ôfslute sil. Dat kin ek net, omdat it wegen en paden net krúst. Wolven kinne Fryslân dus altyd berikke.
Advokaat Piet Stehouwer, yn opdracht fan Stichting Wolvenhek Fryslân