Neat mear oer fan houthannel nei grutte brân yn Noardburgum

By in grutte brân yn Noardburgum is in houthannel folslein ferlern gien, krekt as it wenhûs dat dêrneist stiet. Reekwolken wiene út de fiere omkriten wei te sjen. It fjoer lôge hieltyd fierder op, pas oan de ein fan de middei wie it út. Minsken yn omlizzende doarpen fine stikjes sinnepaniel bûtendoar, dy't fan it bedriuw komme.
Sjoch hjir nei bylden fan de brân:
In wenhûs en in loads fan 4.000 kante meter stiene hielendal yn de brân. Neffens de brânwacht wiene der gjin minsken yn it gebou. Der binne gjin slachtoffers fallen.
"Dat neemt niet weg dat het een groot persoonlijk drama is", seit wurdfierder Iris Middel fan de brânwacht. De skea is hiel grut.
It bestriden fan it fjoer soe fertraging oprûn hawwe trochdat der sprake wie fan in wettertekoart. De lokale omrop RTV NOF meldt dat in in healoere duorre foardat der wetter wie.

Sinnepanielen ûntploften

Ferslachjouwer Ben de Jager wie yn Noardburgum. Hy sei dat de brân begûn yn in gebou dêr't hout opslein leit. It fjoer is oerslein nei in wenhûs dat dêrfoar stiet. Sinnepanielen dy't op it dak leine, ûntploften.
Neffens de brânwacht gong it om 600 sinnepanielen. "Die zijn verbrand", seit Middel. "Het kan zijn dat daar zware metalen bij vrij zijn gekomen. We hebben boeren in de omgeving gewaarschuwd dat ze het vee niet in het land moeten laten grazen."
De brânwacht rôp minsken op om helptsjinsten de romte te jaan. Der wiene tsientallen brânwachtminsken belutsen by it bestriden fan de brân. Guon dêrfan kamen út Grinslân.
It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. Neffens de brânwacht is it te betiid om dêr wat oer te sizzen.
Ferslachjouwer Ben de Jager fan RTV NOF
De grutte reekwolken lutsen ek oer it lân fan omwenjend melkfeehâlder Frans Zeinstra. De boer fynt it ferskriklik wat der bard is by it bedriuw.
Melkfeehâlder Frans Zeinstra