Twadde Keamer benaud dat djoere Lelyline 'wer oer de râne falt'

Der is noch lang gjin finansjele garânsje foar de komst fan de nije Lelyline fan Lelystêd oer It Hearrenfean, Drachten nei Grins. Demisjonêr steatssiktaris Van Veldhoven is oant no ta sunich oer de kânsen foar it nije spoar.
De Keamerkommisje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat mei rjochts Habtamu de Hoop © Omrop Fryslân
De nije spoarline giet fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins. De Lelyline stiet by in soad politike partijen yn it partijprogramma, mar dat is noch gjin garânsje dat de 125 kilometer lange spoarline der ek echt komt.

"Boter bij de vis"

"In de formatie zal er voor de Lelylijn boter bij de vis moeten komen, anders wordt de financiering van het projekt buitengewoon complex", seit demisjonêr steatssiktaris Stientje van Veldhoven. Sy wie woansdei yn de Twadde Keamer sunich oer de kânsen foar de Lelyline.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de kânsen foar de Lelyline
Nederlân moat de kommende jierren mear jild frijmeitsje foar ûnderhâld en behear fan de besteande ynfrastruktuer, sa sei se tsjin de nije Keamerkommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat.

Lelyline djoerste

Foar it by de tiid bringen en útwreidzjen fan it Nederlânske spoar is de kommende jierren in soad jild nedich. Fan alle projekten yn har 'Toekomstbeeld OV 2040' is de Lelyline fierwei it djoerste.
De fraksjewurdfierders fan CDA, ChristenUnie, PvdA en de SP woene fan Van Veldhoven wite wat sy fynt fan de noardlike ynbring foar it Deltaplan voor het Noorden en wat se dêrmei dwaan sil. Yn it rapport 'Bouwstenen voor het Deltaplan' pleitsje de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân foar 9,5 miljard oan ynvestearrings yn Lelyline en it Nedersaksenspoar, yn ruil foar de bou fan 220.000 wenten ekstra.

"Enkele uitwerkingsslagen nodig"

Van Veldhoven konstatearre dat it plan der leit, mar is fan betinken dat der "nog enkele uitwerkingsslagen" makke wurde moatte. "In het plan moet met name de samenhang met de woningbouw nog verder worden uitgewerkt", sei Van Veldhoven.
Neffens de steatssiktaris is it ek nedich om jild foar de Lelyline út it nasjonaal Groeifûns te heljen. In earste oanfraach foar de Lelyline foar in bydrage út dat fûns is mislearre, omdat de plannen doe doch net genôch útwurke wiene.
In twadde, better útwurke oanfraach makket mooglik mear kâns, tinkt de steatssiktaris. Se heakke deroan ta dat it beslút dêroer net oan de polityk is, mar oan de folslein ûnôfhinklike sjuery fan it Groeifonds ûnder lieding fan âld-minister fan Finânsjen Jeroen Dijsselbloem.
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 © Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Pieter Grinwis fan de ChristenUnie begjint him soargen te meitsjen oer hoe't it komt mei de Lelylineplannen. "Dit project is steeds over de rand gevallen. Dat mag niet opnieuw gebeuren. Als in een nieuw dun regeerakkoord straks niet het woord Lelylijn staat, dan komt de lijn er niet."
Grinwis neamde it rapport 'Bouwstenen voor het Deltaplan' oertsjûgjend. "Een nieuwe spoorlijn in combinatie met woningbouw is een winnende combinatie."

Sunige reaksje steatssiktaris

Grinwis neamde de reaksje fan de steatssiktaris op it rapport 'zuinigjes'. It wie neffens him mar goed dat benammen Habtamu de Hoop (PvdA) en hy druk útoefenje op de steatssiktaris om mei de Lelyline oan de slach te gean.
De steatssiktaris kaam lykwols net fierder as de tasizzing "dat over de Lelylijn het laatste woord nog niet is gezegd". Kommende hjerst hopet se, yn oerlis mei de noardlike provinsjes in folslein Deltaplan oan de Keamer foarlizze te kinnen.
Harkje nei Pieter Grinwis (CU)