Frou ferwûne by stekynsidint yn wenning Drachten

20 maaie 2021 - 11:46

Yn in wenning yn Drachten is in frou ferwûne rekke. Neffens de plysje wie der sprake fan in stekynsidint. Der kamen meardere ambulânses op ôf, en ek in traumahelikopter.

Foto: SRFotografie

It is net dúdlik hoe't de frou der oan ta is. Se is nei it sikehûs brocht.

Yn de wenning hawwe plysjeminsken in man oanholden. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk. In wurdfierder fan de plysje koe dêr fierder neat oer sizze.

Trefwurden: 
Drachten stekynsidint
(Advertinsje)
(Advertinsje)