Sven Kramer wurdt direkteur by Jumbo-Visma: "Ik sis der noch net tefolle oer"

It liket derop dat Sven Kramer nei de Winterspelen fan Peking ophâldt as reedrider. Hy wurdt dan direkteur by Team Oranje. Dat is de organisaasje dêr't de reedriders en hurdfytsers fan Jumbo-Visma ûnder falle.
© Orange Pictures
It is de bedoeling dat Kramer mei Merijn Zeeman, Richard Plugge en Jac Orie it belied bepale sil fan de hurdfyts- en reedrydploech. Dat meldt it hurdfytsblêd Bicycling.
"Ik sis der noch net te folle oer", seit Kramer yn it blêd. "De kommende tiid moat de fierdere ynfolling noch trochpraat wurde."
"Ik wit wêr't ik foar stean. Dat is dat de sportive saken foar hûndert persint regele wêze moatte as jo prestearje wolle."
Gouden medaljes fan Sven Kramer
Oan it begjin fan de moanne is Kramer operearre oan de rêch. De ôfrûne seizoenen hie er geregeld te krijen mei ûngemak oan de rêch. De yngreep soe suksesfol ferrûn wêze.
De stap nei manager is noch fier fuort foar Kramer. Sportyf is der noch wat te heljen, seit er. "Earst noch knalle yn Peking. Dêrnei in grut ôfskied yn it Olympysk Stadion, en dan begjint myn takomst."