PODCAST Smokkelbern #8: "Ik heb hem in zijn donkerste uren meegemaakt"

20 maaie 2021 - 09:11

Ids Boot waard as lyts jonkje yn de Twadde Wrâldoarloch nei Snits smokkele. Op lettere leeftiid krige er nachtmerjes oer syn oarlochsskiednis. Dat hie ek grutte ynfloed op syn famylje. Yn diel 8 fan de podcast Smokkelbern praat Gerard van der Veer mei Ids syn soan, Ilan Boot.

Beharkje de podcast:

Ids Boot krige tweintich jier nei syn ûndderdûktiid fan keninginne Juliana tastimming om syn echte namme David Vischjager te feroarjen yn syn ûnderdûknamme Ids Boot. Mar de wrakseling oer syn identiteit en de fraach by wa't er no hearde, bleau.

Doe't er sa'n fjirtich jier wie, krige Ids nachtmerjes oer syn oarlochsskiednis, Dat hie net inkeld in grutte impact op syn eigen libben, mar ek op syn famylje. Syn soan Ilan fertelt hoe't de oarloch 76 jier nei dato noch altyd in rol spilet.

Smokkelbern, de podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapps en op Spotify. Mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.

Foto: Omrop Fryslân

De podcast Smokkelbern wurdt makke troch Gerard van der Veer en Karen Bies. Der is ek in Fryslân DOK-rige Smokkelbern fan fiif telefyzjedokumintêres, makke troch Gerard van der Veer en Annet Huisman, te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.

'Smokkelbern' is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.

(Advertinsje)
(Advertinsje)