Kollum: "Feroaring"

20 maaie 2021 - 08:19

"Der is in Nationaal Landbouwakkoord. Ja, it wie my earlik sein ûntgien. De earste pagina's fan myn krante en de boppeste berjochten op nijssites gean al in jier oer wêr't Hugo de Jonge no wer in potsje fan makke hat, en dan is de moed my soms al te fier yn 'e skuon sakke om noch fierder te lêzen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Begjin april presintearre in groep boeren, wittenskippers, minsken út natuerorganisaasjes en it bedriuwslibben dat akkoart. Ald-CDA-minister fan Lânbou en âld-boer Cees Veerman is de foarman. Snein siet er yn it tv-programma Buitenhof om dêroer te fertellen.

Presintator Twan Huys frege Veerman hoe't de lânbou yn Nederlân der oer tsien jier út sjocht as we neat dogge. Veerman antwurde wat dat my rakke. Hy sei: dan is de lânbou yn Nederlân útbuorke; boeren kinne dan gjin kant mear op en jonge minsken wolle der net mear yn. En ik tink dat er dêr in punt mei hat.

Yn oktober 2019 wie it earste boereprotest op it Malieveld yn Den Haag. Dat koe op in protte stipe út de mienskip rekkenje. Mar der folgen mear protesten, en se waarden grimmiger. Sa waard de doar fan it provinsjehûs yn Grins troch in trekker derút ramd. It kredyt by it grutte publyk rûn hurder leech as in ko oan 'e skiterij.

En oer skiterij sprutsen, Farmers Defence Force en typen as Jan Cees Vogelaar giselen de saak en seine soms terroristyske dingen. It gefolch wie dat de boeren isolearre kamen te stean, dat gjinien wist wêr't it oer gie, de diskusje muorrefêst siet, en nimmen wist hoe't we no fierder moasten.

Cees Veerman sei dat it begjinne moat mei de erkenning dat boeren net samar earne in bedriuw hawwe, dat se bining hawwe mei grûn en dat we derfan útgean moatte dat se in "nette boterham" fertsjinje wolle. In oar ding dat erkend wurde moat, is dat romtlike yndieling in saak fan it Ryk is, seit Veerman.

En foaral, dat as der friksje is tusken lânbou, natuer en wenningbou - dat is dêr't it nammentlik oer gie - dúdlik wurde moat dat dit net in probleem fan in boer is, mar fan de hiele mienskip. As it knypt, moatte boeren holpen wurde troch de oerheid. Dit akkoart is net frijbliuwend, der moat oardel oant twa miljard euro yn it jier foar útlutsen wurde.

Doe't ik dat hearde, moast ik tinke oan 'ruimte voor de rivieren'. Doe't we yn Nederlân yn '93 en '95 te meitsjen krigen mei oerstreamingen en evakuaasjes, waard in grut projekt opset mei dy namme. Simpel sein ferhegen we oant doe ta altyd de rivierdiken as der problemen wiene. Dêrtroch stie it wetterpeil heger as der in soad wie. En it ferskil yn hichte mei it efterlân makket dat tige gefaarlik.

Kinst better de breedte opsykje as de hichte. As in rivier breder is, kinst mear wetter kwyt mei in leger wetterpeil. Simpel. Mar ek in grut probleem, want dat betsjut datst romte meitsje moast, in soad romte yn in lân dêr't elke sintimeter al beset is.

Wat se dien hawwe, is beseffe dat it net in probleem is fan de minsken dy't oan 'e rivier wenje, fan wa't de huzen ôfbrutsen wurden moasten, mar dat it in probleem is fan de hiele mienskip. As se it yn Gouda drûch hâlde wolle, dan moat der yn de Biesbosch wat feroarje. En dat is krekt wat Veerman ek foarstelt foar de lânbou. Wy as mienskip beseffe dat santich prosint fan de Europeeske grûn net sûn is; we wolle dat ús bern yn de takomst yn in betelbere huzen wenje kinne; we witte dat natuer romte hawwe moat en dat we dêr allegearre baat by hawwe. Mar dit botst mei boerebedriuwen. Dus as we it oars hawwe wolle as mienskip, moatte we se stypje.

It betsjut ek dat de boeren grutte feroaringen oangean moatte; dat sy erkenne moatte dat it tiid is foar folgjende stappen. Dat ûndernimme helpt, en nochris mei de trekker nei Den Haag ride net. Dus dan moatte jo soms mei wat oars begjinne, soms it bedriuw omgoaie, en soms ek ophâlde. Dat hat in grut part fan de boeren al in kear meimakke, trouwens. Romtlike yndieling is in saak fan it Ryk, en it Ryk, dat binne wy, wat in kolumnist fan de Omrop dêr fierder ek fan fynt.

Libje is feroarje en feroaring is libben. Dat wit elke goede boer. It liket my in plan mei takomst. Nei de folsleine ympasse dêr't it romtlik belied yn Nederlân yn sit, in puntsje fan ljocht. Hoop foar de jonge minsken yn 'e lânbou yn Nederlân, en eins foar elkenien. Ik waard bliid fan in CDA'er. Dat wie in skoft lyn."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)