Lânbou-organisaasje LTO: Sjitte op de wolf kin wol

Der kin yn Nederlân op wolven sketten wurde. Dat seit Albert van der Ploeg van boerebelange-organisaasje LTO. Dan moat der wol oan bepaalde betingsten foldien wurde, seit er.
© ANP
Benammen yn de omkriten fan Hearrenfean binne boeren skytbenaud foar de wolf, seit Van der Ploeg, omdat der by Ketlik in wolf sjoen is. "Se ha grutte soargen dêroer. As je moarns nei it fee ta geane, witte je net hoe't it derhinne leit."

De wolf is fûgelfrij

Earder waard dúdlik dat der boeren binne dy't jild jaan wolle oan de jager dy't it bist deasjit. Dat soe om tûzenen euro's gean.
Neffens de Jagersvereniging yn Fryslân is it ûnsin dat jagers efter de wolf oan sitte, omdat de wolf in beskerme bist is.
Albert van der Ploeg seit no dat der wol op wolven sketten wurde kin, as se problemen feroarsaakje.
"As se oer stekken hinne geane, hieltyd wer bisten pakke, of troch de doarpen strune, dan soene je se sjitte meie," seit Van der Ploeg, "mar dan moatte je dêr wol in fergunning foar ha."

Fergunning

Dy fergunning wurdt net samar ôfjûn. "Bûten Nederlân binne se dêr flugger mei. Hjir binne oerheden sa fier noch net. In bist dat yn Brabân omspaande, is yn Frankryk omlein."
"Yn Europa kin it dus wol, mar it is in hiele toer."

'Der komme allinne mar mear wolven'

De wolf is net te kearen, seit Van der Ploeg. "Netten wurkje net, seker yn Fryslân net. It waait hjir altyd."
Van der Ploeg seit dat it probleem allinne mar grutter wurdt, as it sa troch giet. "Dat ha we mei de foks ek fernaam. As der genôch iten is, binne it der samar mear."
It byld fan Fryslân sil feroarje, tinkt Van der Ploeg. "We wolle it fee graach bûtendoar sjen, mar dat kin aanst net mear. Ik tink dat we in leech Fryslân krije."