263 dupearden taslagge-affêre bekend by gemeente Ljouwert

Yn totaal binne der no 263 dupearden fan de taslagge-affêre yn de gemeente Ljouwert dy't harren meld ha by de Belastingdienst. Twa moanne lyn stie dy teller noch op goed 150.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It spesjale helpteam Toeslagenaffaire 058 hat it de ôfrûne wiken drok hân mei it kontakt lizzen mei dizze dupearre âlden om help oan te bieden. Yn totaal ha se al mei 198 dupearden sprutsen.
De âlden dêr't se mei prate, kinne it foaral wurdearje dat se harren ferhaal kwyt kinne. Uteinlik ha mar 28 dupearden, fyftjin persint, help frege fan de gemeente. Dat hat dan foaral te krijen mei skulden. It oare part hat no noch gjin help nedich.
Ek yn de oare Fryske gemeenten wenje slachtoffers fan de taslagge-affêre, mar út earder ûndersyk blykt dat sawat ien tredde fan de slachtoffers yn de gemeente Ljouwert wennet.