Ofslútdyk kommend wykein in hiele nacht ticht fanwegen grut materieel

19 maaie 2021 - 22:35

De Ofslútdyk is yn de nacht fan sneon 22 op snein 23 maaie fan 00.00 oere oant 08.00 oere ôfsletten foar ferkear. Dit fanwegen it ferpleatsen fan grut materieel yn Den Oever.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

Der wurde heistellingen yn steande tastân oer de dyk ferpleatst. Hjirtroch is it yn ferbân mei de feiligens needsaaklik om de dyk ôf te sluten. De heistellingen kinne net oer it wetter ferpleatst wurde en ek it demontearjen, ferpleatsen en dêrnei montearjen is gjin opsje. Der soe te min romte wêze om dat op in feilige wize foar inoar te krijen.

De heistellingen binne nedich om peallen de grûn yn te krijen. Op de peallen komt in ûnderwetterbetonflier dy't nedich is foar it realisearjen fan spuislûzen en pompgroepen. De ôfsluting wurdt fierder ek brûkt om de iepenbiere ferljochting te reparearjen, foar technyske ynspeksjes en ûndersiken oan de dyk út te fieren.

Omride

De ekstra reistiid is, ôfhinklik fan fertrekpunt en bestimming, tusken de tsien en njoggentich minuten.

Nei Fryslân:

- Ferkear út it (súd)westen fan Nederlân rjochting Fryslân kin omride fia de A9/A1 en de A6.

- Ferkear út de kop fan Noard-Hollân rjochting Fryslân kin gebrûk meitsje fan de N307 Houtribdijk (Enkhuizen Lelystêd) en de A6.

Nei Noard-Hollân en it (súd)westen fan Nederlân:

- Ferkear út Fryslân rjochting it (súd)westen fan Nederlân kin omride fia de A6/A1 en A9.

- Ferkear út Fryslân rjochting de kop fan Noard-Hollân kin omride fia de A6 en de N307 Houtribdijk (Lelystêd Enkhuizen).

(Advertinsje)
(Advertinsje)