Skipper oer alternatyf SKS: "Ik hou mijn hart vast bij harde wind"

19 maaie 2021 - 21:36

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen presintearre tiisdeitejûn in alternatyf plan foar in kampioenskip. Troch de coronamaatregelen is noch altyd net wis oft der fan it simmer syld wurde kin sa as altyd. Dêrom is in plan ûntwikkele wêryn der in wike lang twa kear deis syld wurd op de Sleattemer Mar.

Foto: Omrop Fryslân

Skûtsjeskipper Pieter Meeter begrypt dat in alternatyf nedich is, mar is net wyld entûsjast wurden fan de plannen. Dêrom fjouwer fragen oan de skipper fan it iennichste partikuliere skûtsje út de float.

Pieter, wannear't net syld wurde kin sa as altyd, moatst in wike lang yn aksje op de Sleattemer Mar. Hast dêr nocht oan?

"Ik ben geen spelbreker, dus als we bij Sloten gaan zeilen doen wij uiteraard mee. Dat zal wel met gemengde gevoelens zijn, want het voelt niet als een echt SKS-kampioenschap. Maar ja, vorig jaar is er ook niet gezeild, en dan snap ik best dat je alternatieven moet bedenken. Al ga ik er voorlopig nog vanuit dat we gewoon op de ouderwetse manier op verschillende locaties om de titel gaan zeilen."

As it plan B wurdt, moatst in wike lang yn in bubbel. Slagget dat, tinkst?

"We hebben laatst een vergadering gehad met alle schippers. Daarin werd er gesproken werd over vooraf testen. Toen heb ik gezegd dat ze mijn deelname konden afschrijven, want deze jongen doet geen stok in zijn neus. Toen zei de SKS dat ze wellicht een machine hadden waarin je kon blazen als test. Nou ja, blazen heb ik genoeg in mijn leven gedaan, dus dan wordt het anders, haha."

Seis dagen yn aksje op de Sleattemer Mar. Tefreden mei de lokaasje?

"O nee, hou op! Ik vind het echt het slechtste scenario dat er bestaat. Maar dit is de enige plek zo'n beetje waar de overheid akkoord mee gaat geloof ik. Het meer is veel te ondiep. Dat is geen probleem met stil weer. O wee als we harde wind krijgen, dan hou ik mijn hart vast. Ik had veel liever op de Tsjûkemar gezeild als alternatief."

Moatst eins wol sile wolle, as it net kin lykas oare jierren?

"Als we heel eerlijk in de spiegel kijken, moet je het inderdaad niet willen. Maar we zijn ook allemaal zeilers, we willen toch graag zeilen. Het is een hele moeilijke afweging, want er zijn geen winnaars bij dit alternatief, alleen maar verliezers. Dus ja, als het moet, dan moet het, maar niet van harte."

Pieter Meeter oer it SKS-plan

(Advertinsje)
(Advertinsje)