Rie fan Steat: lûdsûntheffingen festivals Griene Stjer terjochte ferneatige

19 maaie 2021 - 21:09

De rjochtbank Noard-Nederlân hat terjochte de lûdsûntheffingen ferneatige dy't de gemeente Ljouwert ferliend hie foar twa festivals yn de Griene Stjer yn de simmer fan 2018. It giet om de festivals Welcome to The Village en Psy-Fi. Dat hat de Rie fan Steat woansdei útmakke yn it heger berop fan de gemeente.

Foto: Omrop Fryslân

It weromdraaien troch de rjochtbank kaam foar bewennersstichting Groene Ster Duurzaam! as moster nei it miel. De twa festivals binne gewoan trochgien en neffens de stichting hawwe fjirtich húshâldingen lêst hân fan de festivals.

Boargemaster en wethâlders giene yn heger berop om't se witte wolle hoe't se de lûdsûntheffingen 'rjochter-proof' meitsje kinne. Ut twa hiel technyske útspraken fan de Rie fan Steat docht bliken dat de gemeente de Beliedsregel Eveneminten yn de iepen loft oanpasse moat. Tapassing fan dizze beliedsregel blykt yn de praktyk foar mear kabaal te soargjen as de bedoeling is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)