Súdwest-Fryslân wol wetterwenten bouwe yn Snitser wenwyk Houkepoort

19 maaie 2021 - 20:37

Gemeente Súdwest-Fryslân wol yn Houkepoort yn Snits wetterwenten bouwe yn plak fan it 25 meter hege appartemintegebou dat der earst komme soe. Dêroer giet de gemeente yn petear mei de bewenners fan de Snitser wenwyk.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn it bestimmingsplan dat earder op tafel lei, wie in 25-meter hege wentoer opnommen, dêr't 15 apparteminten ynkomme soene. Mar no't bliken docht dat dêr net genôch animo foar is, ûnder oaren 'fanwegen it hege oanbod fan apparteminten yn Snits', komt de gemeente mei in foarstel foar de bou fan dizze wetterwenten.

De eksperimintele wenningbou dêr't no nei sjoen wurdt, past neffens Súdwest-Fryslân goed by de wetterrike wenwyk en hat boppedat minder impact op de omjouwing, om't de wetterwenten it útsicht en de privacy minder oantaaste.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol graach witte hoe't de bewenners fan Houkepoort tinke oer de nije bouplannen. Ynkoarten sille sy hjiroer yn petear mei de bewenners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)