FIDEO: Fryske skoallen moatte kreatyf wêze: eksamens yn iishal en tsjerke

Skoallen dy't eksamens ôfnimme betinke kreative oplossingen foar de oardel meter maatregel. Dêrom wike guon skoallen yn Ljouwert dit jier út nei bysûndere lokaasjes. Sa sitte learlingen fan Mariënburg yn Ljouwert op it iishockeybaan fan de Alvestêdehal en de eksamenkandidaten fan it Beyers Naudé binne te finen yn in tsjerke. Efter yn de stedstsjerke De Wijngaard steane taffeltsjes en stuollen opsteld op oardel meter fan inoar om feilich wurkje te kinnen.
FIDEO Eksamen yn tsjerke