Keamerlid De Hoop (PvdA): "Friezen hawwe rjocht op de Lelyline"

It is dizze maitiid der op of der ûnder foar de Lelyline. De Twadde Keamer prate woansdei foar it earst sûnt de ferkiezingen oer iepenbier ferfier én de mooglike oanlis fan de Lelyline. PvdA-Keamerlid Habtamu de Hoop wol dat der no lang om let ris trochpakt wurdt mei de spoarline.
Oer de Lelyline praten se yn Den Haag
De Hoop is de iennichste Fries en noarderling yn de Keamerkommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat. Yn de kommisje waard praat oer it dokumint 'Openbaar Vervoer Toekomstbeeld 2040', dat oer Nederlân yn 2040 giet. De Lelyline stiet yn dat boek, mar net by it listje 'needsaaklike dingen'. Dat moat oars fynt de Hoop.
"Ja, dat is gek fyn ik. De Noordzuidlijn stiet der wol yn, wylst ik tink dat de Lelyline minstens sa wichtich is. Foar de leefberheid fan it plattelân en de ekonomy yn de takomst", seit de PvdA'er út Easterein.

Rjocht op

Om it projekt te bekostigjen soene je neffens De Hoop bygelyks sjen kinne nei de ynkomsten út de gaswinning. "Dêrfan is oant no ta mar ien persint nei it Noarden ta gien. Mar der binne wol in 'hogesnelheidslijn' en de Betuwelijn oanlein. Wylst as ien regio it fertsjinnet om bettere ferbiningen te krijen, dan is it Fryslân wol", seit De Hoop.
"Ast it Deltaplan sjochst, dan sjochst dat der finansjeel noch in hiel soad út te heljen is foar Fryslân. Ik tink dat is sels noch wol útkin. Mar ek al soe dat net kinne, dan fyn ik dat de Friezen, Grinzers en Drinten der rjocht op hawwe", mient De Hoop.

Glês healfol

Neffens ferslachjouwer Onno Falkena docht út de gearkomste bliken dat it noch mar de fraach is oft de Lelyline der ea komt. Guon partijen krabbelje wat werom no't it der op oankomt. "It glês is healfol", seit Falkena.
In grut part sil úteinlik ôfhingje fan hokker partijen der yn it nije kabinet komme.
Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) oer de Lelyline