Johan Veenstra sil Sulveren Anjer "moederziel alliend" ophelje fanwege corona

19 maaie 2021 - 18:14

De Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra fynt de Sulveren Anjer in grutte erkenning foar syn fyftich jier oan wurk dat er dien hat foar de streektaal. Oer in pear moanne komt de earste Stellingerwerver thriller út fan syn hân.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Johan Veenstra

Veenstra kriget de priis op 4 juny yn it Paleis op de Dam yn Amsterdam út hannen fan prinses Beatrix. Hy wist al sûnt 20 jannewaris dit jier dat er de Sulveren Anjer krije soe. Op in pear famyljeleden en goede freonen nei moast er it geheim hâlde.

Misferstân

Doe't er belle waard troch it Bernhard Cultuurfonds tocht er earst dat se jild hawwe moasten. "Ik bin lid van een hieleboel goeie doelen. Die hebben de vreselike gewoonte om je iedere keer te bellen aj' meer geld geven willen. Doe zee die vrouw: ik wol jow even vertellen dat jow in Zulveren Anjer kriegen."

Hy is wakker bliid mei de Anjer. "Een hiel groot stok erkenning veur alle werk dat ik in vuuftig jaor daon hebbe. En et gaot mar deur. Ik kreeg eerst de Rink van der Velde-pries veurig jaor veur mien laeste boek, en doe wodde ik ereburger van West-Stellingwarf."

"En dan now in Zulveren Anjer. Et bin niet te vergelieken onderscheidings en priezen, mar ze bin veur mi'j allemaole lieke belangriek."

Oars in delegaasje fan tritich minsken mei, no gjinien

It spyt him dat er yn coronatiid gjin feestje jaan kin. "Aanders hadde ik dattig meensken mitnemen meugen naor et paleis op 'e Dam en now gieniene. Ik gao d'r moederziel alliend in de trein henne."

Earst wie der ek noch sprake fan dat it offisjele barren digitaal weze soe. Veenstra is "toch werachtig bliede dat dat niet et geval is. "

As ze dat in Skandinavie doen, kun wi'j in de Stellingwarven toch niet aachterblieven?

Johan Veenstra oer syn nijste boek, in thriller

En sit der ek noch wat nijs oan te kommen? "Jawisse", seit Veenstra, "disse zoemer komt de eerste Stellingwarver thriller uut. As ze dat in Skandinavie doen, kun wi'j in de Stellingwarven toch niet aachterblieven?"

Hy jout alfêst in ympresje: "Dan vienen ze een naekende, dooie vrouw in De Lende. Ze wodt vunnen deur een pelisieman die de naacht d'r veur mit heur deurbrocht het in et Van der Valkhotel in Wolvege."

(Advertinsje)
(Advertinsje)