Sjoukje út Dokkum docht it hier fan artysten op Eurovisie Songfestival

19 maaie 2021 - 16:50

Wa't witte wol wa't it - soms eksintrike- hier fan de dielnimmers oan it Eurovisie Songfestival docht, moat no foaral fierder lêze. Hairstyliste Sjoukje de Vries út Dokkum docht ûnder oare de kapsels fan Ruslân en Italië.

Foto: Sjoukje de Vries

Sjoukje de Vries wurket by kapsalon HarenMajesteit yn Dokkum. Sy is útkeazen om de kapsels moai te meitsjen fan de dielnimmende artysten. Ferline jier soe se it ek al dwaan, mar doe gie it songfestival net troch fanwege corona. Dit jier is Sjoukje sûnder lotting wer frege.

Sjoukje de Vries út Dokkum by Eurovision 2021

Har taak is fan artysten en dûnsers it hier dwaan. Koartsein fan elk dy't optrede moat. Guont hawwe sels in hierstyliste mei, mar in hiel soad ek net "en dan komme se by ús."

Hoe't de kapsels sitte moatte, is yn it foar bepraat. De kapsters yn Ahoy meitsje it nei. "It kin ek foarkomme dat in artyst kompleet wat oars wol en dan moatte wy it oanpasse. Dêr komme wy ek wol wer út", fertelt Sjoukje.

De earste senuwen binne der no al wat ôf foar Sjoukje. It is wurk en dêr rjochtet se har op. Tiiisdei op de earste heale finale stie se njonken it poadium. Se die de lêste kontrôle fan it hier foardat de artysten op moasten.

Foto: Sjoukje de Vries

Dat it hiel bysunder is wat se meimakket, fernimt se ûnder it wurk net. Mar, ast deroer neitinkst, "ik meitsje wol dingen mei, lykas artysten dy't foar myn noas oan it oefenjen binne."

De organisaasje nimt gjin risiko's. Elkenien - en dus Sjoukje ek - wurdt om de 48 oeren test op corona. Tuskentroch binne der ek noch ûnoankundige tests. Woansdei waard bekend dat de dielnimmers út Yslân yn de heale finale fanwege in positive coronatest net op it haadpoadium optrede meie. Sjoukje sels is noch net faksinearre tsjin corona.

Har favoriten binne Italië en Ruslân, mar dêr docht se dan ek it hier fan. Der binne mear, laket Sjoukje. "Wy dogge ek it hier fan Roemenië en Kroäsië." Beide lannen binne net fierder kaam as de heale finale.

Sneontejûn is de grutte finale fan it Eurovisie Songfestival. Sjoukje tinkt dat Nederlân net echt in kâns makket.

(Advertinsje)
(Advertinsje)