HEA! Strjittefuotbalje yn Wommels

19 maaie 2021 - 16:10

In bytsje sportive drokte, dat kin Wommels wol brûke yn dizze tiid. En dus organisearret Luka van der Weg (18) foar it twadde jier op rige in strjittefuotbaltoernoai foar in groep tieners út it doarp. Alle sneintemiddeis skoppe se in baltsje. Troch de wike krije de jonges opdrachten en útdagingen fia de app fan Luka. Strjittefuotbalje is hiel gesellich, mar der kin ek in fikse priis wûn wurde oan de ein fan it toernoai.

HEA! Strjitfuotbalje yn Wommels

(Advertinsje)
(Advertinsje)