RIVM: 115 nije besmettingen meld yn Fryslân, trije sikehûsopnamen

19 maaie 2021 - 15:22

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 115 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der trettjin minder as tiisdei. Doe wiene der 128 besmettingen. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 138 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne woansdei meld yn de gemeente Ljouwert (17), folge troch Weststellingwerf (13) en De Fryske Marren mei tolve besmettingen.

Ien stjergefal

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan De Fryske Marren.

Der binne trije persoanen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân (2) en Ljouwert.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 4.613 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike 4.765 coronabesmettingen de dei fêststeld yn Nederlân.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)