Jubileumedysje Admiraliteitsdagen op 'e nij mei in jier útsteld

19 maaie 2021 - 15:03

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum geane dit jier op 'e nij net troch. De jubileumedysje waard ferline jier ek al útsteld fanwegen it coronafirus. De tsiende edysje wurdt no organisearre fan 1 oant en mei 4 septimber 2022.

Admiraliteitsdagen op 'e nij mei in jier útsteld

"Hoewel de kans bestaat dat er in september weer mogelijkheden zijn voor festivals, zijn de onzekerheden te groot voor ons vierdaags evenement met 100.000 bezoekers", seit foarsitter Jan Michiel van der Gang.

"Ook zorgt de onzekerheid rondom de regelgeving ervoor dat we ons nu niet goed kunnen voorbereiden. De kracht van de Admiraliteitsdagen is dat het een gratis toegankelijk festival voor iedereen is, en dat lijken we ondanks de versoepelingen niet waar te kunnen maken."

Foto: Marit Anker

De foarsitter neamt it in dreech beslút. "Emotioneel gezien wil je dit niet, maar rationeel gezien weet je dat het het enige juiste is", seit Van der Gang.

De organisaasje fielt him stipe troch de 'ongekende betrokkenheid' fan de sponsoaren, frijwilligers en besikers fan de Admiraliteitsdagen.

"We beseffen allemaal dat juist een festival als het onze voor verbondenheid kan zorgen in de samenleving, na een lastige periode voor iedereen. We zijn er dan ook van overtuigd dat onze jubileumeditie alsnog gevierd gaat worden, op een goed moment, in goede gezondheid", sa seit Van der Gang.

De Admiraliteitsdagen is in fergees tagonklik maritym festival mei muzyk, aktiviteiten, histoaryske skippen en strjitteteäter. It wurdt jierliks holden yn it sintrum fan Dokkum. De namme is ferbûn oan de skiednis fan Dokkum as Admiraliteitsstêd yn de 16e iuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)