'Froulju fan de Weaze yn finansjele problemen troch coronasluting'

19 maaie 2021 - 13:46

In protte froulju dy't op de Weaze achter it rút wurkje, binne troch de coronakrisis yn de finansjele problemen kaam. Dat seit Danny Sesseler. Hy is útbater fan in bordeel yn Ljouwert.

Foto: ANP

Sekswurkers meie no wer klanten ûntfange. Earder mocht dat net, om it coronafirus ûnder kontrôle te krijen. De sitewaasje op de Weaze yn Ljouwert wie 'triest', seit Sesseler.

De ferrommingen fan de coronaregels jilde net allinne foar sekswurkers, mar ek foar bygelyks sportskoallen, attraksjeparken en swimbaden. En terrassen meie ek langer iepen bliuwe.

It wie leech, op de Weaze. In protte froulju wiene nei hûs, nei it bûtenlân. De measten komme neffens Sesseler út Roemenië, Hongarije of Bulagarije. Hy seach "veel stress en ellende" yn de ôfrûne tiid.

"Het was moeilijk. Veel dames hebben financiële problemen gekregen. Het was moeilijk om steun te krijgen. De gemeente heeft een potje vrijgemaakt, dat kwam net op tijd, maar we zijn blij dat we weer aan het werk kunnen."

Oare ûndernimmers seagen der nuver fan op, doe't se hearden dat sekswurkers wer los mochten. "Yn de hoareka meie we allinne de bûtenterrassen noch brûke. Dit begripe we net hielendal", sei hoarekaman Melle Bakker.

"Ik begrijp de emotie daarbij", seit Sessler, "maar wij zijn geen groot evenement. Het is bij ons voornamelijk één-op-één-contact, net als de kapper."

Der jilde wol coronaregels, by Sesseler yn de saak. "In de hallen draagt iedereen een mondkapje, ook de dames. En in de kamers zijn de dames de baas. Dat is het verhaal van de mondkapjes. We hebben hier regels, en die respecteren we, maar het is hier geen kerk."

Klanten komme wol, tinkt er. "Ik denk dat we vanavond weer vol zitten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)