Sauna's meie noch net iepen: "Negen maanden van de lucht leven"

Yn in tal sektoaren gean woansdei ferrommingen fan de coronamaatregels yn. De sauna's falle dêrbûten en dat is dreech foar de eigeners en it personiel.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De coronamaatregels foar de hoareka en sportskoallen binne minder strang wurden. Sa meie de terrassen no langer iepen, oant acht oer jûns. En nei de sportskoalle is ek wer mooglik.
Net oeral is blydskip. De sauna's bygelyks falle noch bûten de boat. Dêr kin it fjoer noch net opstookt wurde foar besikers. En dêr binne de eigeners net sa bliid mei.

Grutte teloarstelling

Eric Humme fan sauna De Leeuwerikhoeve yn Burgum neamt it in grutte teloarstelling. Ferline jier mochten se noch tagelyk wer iepen mei de swimbaden en de sportskoallen, en no net.
It is frustrearjend omdat fuotbalstadions wol iepen meie en dêr net yngrypt wurdt as alles net alhiel neffens de regels giet. Yn syn sauna kinne minsken wol 10 meter útinoar sitte en kinne ôfstânsregels maklik oanhâlden wurde, neffens Humme.

Njoggen moanne ticht

Syn sauna yn Burgum hat alles by-inoar opteld njoggen moanne ticht west. Se krije dan wol kompensaasjejild fan de steat, mar it is tagelyk ûndernimmersrisiko en "negen maanden van de lucht leven. Ik heb er geen woorden voor", seit Humme.

Op 9 juny wer iepen

Sa't it no liket, gean de sauna's op 9 juny wer iepen. Humme hopet noch wat earder. Gelokkich is it personiel ree om putsjes te dwaan. It bliuwt tryst dat it no noch sa útstoarn is, sa fynt Humme.