Hoareka hat 'klauwen' om personiel te finen: "Gelokkich ha wy Klaas"

19 maaie 2021 - 12:52

Hoarekabedriuwen ha te krijen mei in grut personielstekoart, no't de coronaregels stadichoan ferromme wurde. "Overal staan vacatures uit, en de concurrentie is groot", seit Carina Visser. Se siket minsken foar in grut hotelbedriuw.

Foto: ANP

"Op dit moment zijn we op zoek naar mensen die per direct kunnen beginnen, ook met het oog op het verruimen van de terrastijden", seit Visser. De terrassen meie no om seis oere moarns iepen, en om acht oere jûns moatte se wer ticht.

Luxeprobleem

Visser wurket foar personielssaken by WestCord Hotels. Eins is it in lúkseprobleem, dat der no net genôch personiel is, seit se, al brûkt se leaver it wurd 'uitdaging'. "Dat is hoe wij er naar kijken. Absoluut."

"Echt waar, we zijn zo gelukkig en blij dat we weer kunnen doen wat we het leukste vinden. Liever dit dan dat we dicht zijn."

'Alles ha we dien'

Yn hotel De Gulden Leeuw yn Warkum ha se deselde útdagingen, seit eigener Antje Bangma. "It wie klauwen."

"Advertinsjes yn kranten, online, we ha alles dien om minsken te finen," Benammen yn de keuken is dat 'hiel problematysk', seit Bangma.

"Gelokkich ha wy Klaas. Dy is freelance-kok, en hy is no in pear dagen yn de wike by ús."

'Het is hard werken'

Yn de grutte hotels is it ek dreech om minsken te finen dy't yn de keuken wurkje wolle. "Tekorten zijn er zeker", seit Visser.

"Het is hard werken, maar je krijgt er veel voor terug", seit se, "maar als je passie hebt voor koken is dit mooiste baan die je kunt bedenken."

Se rjochtet de blik al op de simmer. Dan binne der noch mear minsken nedich, benammen op de Waadeilannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)