Fryske fotograaf wol nei 26 jier gjin foto's mear meitsje foar it Dagblad van het Noorden

19 maaie 2021 - 07:35

Reyer Boxem wol gjin foto's mear meitsje foar de noardlike kranten. Nei 26 jier nimt de Frjentsjerter fotograaf ôfskied fan 'syn' Dagblad van het Noorden. "Ik wil niet meer geïrriteerd raken als ik de krant opensla met het zoveelste broddelwerkje van een niet-fotograaf."

Reyer Boxem - Foto: Eigen foto

De twa grutte Belgyske útjouwerijen DPG Media en Mediahuis, dy't hast alle kranten en tydskriften yn Nederlân yn hannen hawwe, betelje hieltyd minder foar de foto's yn de kranten. "De hoofdredactie beslist om er geen budget meer voor vrij te maken, maar de krant vol te zetten met amateurkiekjes. Vooral in de regionale journalistiek is er een kaalslag", fertelt Boxem.

Sjoernalisten mei smartphone soargje foar de foto's

"Dan is het heel pijnlijk als je iedere dag ziet dat 60 tot 70% van de beelden in de krant wordt gemaakt door journalisten met een smartphone. Dat is een zorg en een irritatie. En dat wilde ik niet meer."

It docht wol sear, want it Dagblad van het Noorden is dochs in bytsje Boxem syn krante. "Ik ben hier eigenlijk opgegroeid. Eerst bij Nieuwsblad van het Noorden, daarna bij de Leeuwarder Courant en het Dagblad van het Noorden, toen ze samen gingen. Ik ben er groot geworden. Maar ik doe dit nu 26 jaar en ik merkte dat ik het plezier steeds minder had."

Het is een open zenuw bij veel fotografen en ook zeker schrijvende pers. Dat komt door de liefde van het vak.

Reyer Boxem

"Je doet het met heel veel liefde", seit Boxem oer it wurk yn de sjoernalistyk. "Die liefde zorgt er ook soms voor dat je de rottigheden wegpoetst, onder het tapijt schuift. Vervolgens ben je 10, 15 of 20 jaar verder en dan denk je: wat doe ik toch voor die tarieven? Is dit nog serieus te noemen?"

Boxem stjoerde in brief oan de haadredaksje fan de krante. Dy hat er dêrnei ek publisearre. "Er komt echt een waanzinnige storm aan reacties. Het is een open zenuw bij veel fotografen en ook zeker schrijvende pers. Dat komt door de liefde voor het vak."

As fotograaf is it logysk dat je je ergerje oan minne foto's yn de krante. Mar sjogge de lêzers dat ek? Boxem tinkt fan wol. "Mensen zijn bereid om er iets voor te betalen als het product over de hele linie goed is: goede onderwerpen, goed geschreven, maar ook met goed beeld. Dat is mijn heilige overtuiging."

Gjin brea yn te fertsjinjen

Boxem jout ek les oan studinten, mar hy wol se eins ôfriede om yn it fak fan fotograaf te stappen. It is nammentlik hiel dreech om der noch brea mei te fertsjinjen. "Ik zeg ze altijd: het lukt je, als je 100% wil. Maar er is eigenlijk geen bestaan van op te bouwen."

It slagget allinnich as je in hiel soad opdrachtjouwers hawwe. "Vroeger waren specialisten alleen bezig voor de krant. Maar ze doen nu in het weekend een trouwerijtje, op woensdagavond nog ergens een feestje en dan de hond van de buren op dinsdagochtend. Dan wordt het heel onspecialistisch, terwijl het een specialistisch vak is."

Krante allinnich noch foar it nijs

It ôfskied docht sear, mar soarget ek foar ferromming by Boxem. "Ik ben de irritatie kwijt. En met de energie die ik kwijt was aan de irritatie kan ik nu andere dingen doen."

De krante lêst er noch wol, mar allinnich foar it nijs. "Ik werk ook nog voor bijvoorbeeld Trouw. Dan zijn de Leeuwarder Courant en het Dagblad toch mijn informatiekanalen. Maar ik sla de krant niet meer open voor het beeld, om het voorzichtig te zeggen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)