Sportskoalle wol gjin minút langer wachtsje: iepen om middernacht

19 maaie 2021 - 07:15

Fiif moannen en fiif dagen wie lang genôch foar de útbater fan sportskoalle Iron Heart yn Ljouwert. Presys om middernacht gongen de doarren wer iepen. En it rûn aardich fol.

Foto: ANP

Eigener Bram Schuurman hie lang genôch wachte. Earst tocht er dat de sluting fiif wiken duorje soe. Dat waard mear as fiif moannen.

It wie in swiere tiid, seit er. "Het is mentaal best pittig, omdat je van tevoren niet weet hoe lang het gaat duren. Maar we hebben ons er doorheen geslagen. Nu kan de blik weer naar voren."

De ferrommingen fan de coronaregels jilde net allinne foar sportskoallen, mar ek foar bygelyks bistetunen, attraksjeparken, muzykskoallen en swimbaden. En terrassen meie langer iepen bliuwe.

Der jilde noch altyd regels yn de sportskoalle, om fierdere fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. Sa meie der net mear as 30 minsken komme. Midden yn de nacht siet de sportskoalle hast fol.

'De sfear helpt je foarút'

De minsken dy't der wiene, wiene bliid dat se wer los koene. "Ik woe der fuort by wêze", seit ien. "Je kinne thús wol wat dwaan, mar hjir hast de apparaten, en in bepaalde sfear. Dat helpt je foarút."

Ien fan de sterkste minsken fan de wrâld wurket yn dizze sportskoalle. Jitse Kramer. Hy wie net ynroastere, mar kaam al even del, ek al wie it midden yn de nacht. "Geweldich, dat de doarren wer iepen binne", seit er.

Jitse Kramer - Foto: Omrop Fryslân

"As je swier tille moatte, is it moai as der in pear by steane, sadatst net allinne bist. Mekoar motivearje is hiel belangryk. Dat ha ik it ôfrûne jier wol fernaam."

Kramer wit wêr't er oer praat. Hy waard twa kear de sterkste man fan Nederlân. "Minsken ha dit even nedich. Der kin in protte frustraasje de doar út."

Trefwurden: 
coronafirus sportskoalle
(Advertinsje)
(Advertinsje)