SKS hat alternatyf foar kampioenskip: sile op Sleattemer Mar

18 maaie 2021 - 22:57

Mocht it gewoane SKS-kampioenskip fan it simmer opnij net trochgean kinne, dan wol de organisaasje as alternatyf te skûtsjesilen op de Sleattemer Mar.

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

It leafst nimt de kommisje sa let mooglik in beslút oer it wol of net trochgean fan it kampioenskip. "Hoe langer je wachtsje, hoe rommer as de maatregels wurde", seit SKS-foarsitter René Nagelhout. "Ik soe sels it leafst sa lang mooglik wachtsje, mar je moatte ek planningen meitsje. Dus begjin juny moat der wol mear dúdlik wêze."

Sile op Sleattemer Mar

De SKS giet derfan út dat der ein july wol wat mear mooglik is. Yn earste ynstânsje hie de kommisje yn 'e holle om as alternatyf in wike lang twa kear deis te silen op de Tsjûkemar. "Dat is it moaiste wetter foar de silers, mar we kamen dêr dochs tsjin wat problemen oan te rinnen mei de ynstânsjes. Dêrom nimme we no de Sleattemer Mar as útgongspunt."

Foar de senario's hat de SKS in testprotokol klear lizzen, om der wis fan te wêzen dat minsken net mei in coronabesmetting op in skûtsje stappe. Dêrby krijt de organisaasje de help fan in bedriuw fan It Hearrenfean, dat spesjalisearre is yn it testen. "Dat bedriuw hat himsels meld", fertelt Nagelhout. "Sy wolle ek graach dat it trochgiet. It testen sil wol wat kostje, mar dat komt wol goed."

It wichtichste is: se wolle sile.

De skippers steane achter de plannen, seit Nagelhout

De skûtsjeskippers binne bliid dat der plannen lizze, seit Nagelhout. "De skippers binne in ôfspegeling fan de mienskip, elk sjocht op syn eigen wize nei it testen en de maatregels. Mar it wichtichste is: se wolle sile. Se stypje dus ek de plannen."

Wat yn alle gefallen dúdlik is, is dat de kâns hiel lyts is dat der publyk by wêze kin. "Tige spitich fansels, mar wa wit hoefolle romte oft der de kommende tiid noch komt as de situaasje better wurdt."

Wêr't ek syld wurdt, it kampioenskip fan de SKS is hoe dan ek yntegraal te folgjen by Omrop Fryslân. De presize programmearring wurdt letter bekendmakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)