Koälysje yn Eaststellingwerf hat wer in mearderheid: GrienLinks komt derby

18 maaie 2021 - 21:59

GrienLinks slút him oan by de koälysje yn de gemeente Eaststellingwerf. De partij siet by in soad wichtige besluten al tichter by de line fan it kolleezje as by de opposysje.

It gemeentehûs fan Eaststellingwerf - Foto: Lourens Looijenga

It beslút om by de koälysje te kommen is naam yn in gearkomste mei de fraksjes fan GrienLinks, CDA, Ooststellingwerfs Belang en de PvdA. "Alle raads- en commissieleden van die fracties spraken zich positief uit over de voorgenomen samenwerking", melde de partijen yn in ferklearring.

GrienLinks wie it faak iens mei kolleezje

In tal fraksjes beskôgen GrienLinks as 'gedoogpartner'. Dat siet by de partij net lekker, omdat dat net it gefal wie. De partij fûn wol dat it kolleezje it riedsprogramma faak goed útfierde, benammen by ûnderwerpen dy't de partij sels wichtich fynt. Dan giet it om duorsumens, ynklusiviteit en it befoarderjen fan gelikens.

GrienLinks naam dêrom sels it inisjatyf om yn petear te gean oer it meidwaan oan de koälysje. De oare koälysjefraksjes sjogge dat wol sitten. De koälysje wie de mearderheid kwyt rekke, omdat guon riedsleden har ôfsplitst hienen. Mei GrienLinks, CDA, Ooststellingwerfs Belang en PvdA ha de koälysjepartijen no 11 fan de 21 sitten. "Wij zullen hier allemaal van profiteren", stiet yn de ferklearring. "De vaak bekritiseerde minderheidscoalitie behoort nu tot het verleden."

Gjin nije wethâlder

De nije koälysjepartij leveret gjin nije wethâlder. De fraksje fielt him troch alle wethâlders fertsjintwurdige, benammen troch PvdA-wethâlder Fimke Hijlkema. "Daar wethouder Hijlkema veel onderdelen in haar portefeuille heeft die GroenLinks aanspreken zal wethouder Hijlkema op deze specifieke onderdelen GroenLinks ook vertegenwoordigen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)