Frouljusteam SC Hearrenfean let njonken Excelsior

18 maaie 2021 - 21:36

Sportklup Hearrenfean is yn de earedifyzje foar froulju net fierder kaam as in 1-1 lykspul tsjin Excelsior. De lykmakker fan de Feanster froulju foel pas yn blessueretiid.

Kelly Zeeman - Foto: Orange Pictures

De wedstriid like hiel lang te einigjen yn 0-0. Beide ploegen krigen net in soad kânsen. Tsien minuten foar tiid iepene Stephanie Coelho Aurélio de skoare dochs foar de Rotterdammers. Nikée van Dijk koe yn blessueretiid lykwols foarkomme dat de Friezinnen mei lege hannen stienen, se soarge foar de 1-1.

Hearrenfean en Excelsior spylje yn pûl B fan de earedifyzje. Dat binne de fjouwer ploegen dy't yn it reguliere seizoen it leechst einige binne en dy't no noch om plak fiif stride. De Friezinnen steane yn dy pûl op it twadde plak, achter PEC Zwolle. Takom freed stiet SC Hearrenfean - PEC Zwolle op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)