Man út Easterwâlde flibet plysje yn gesicht: "Nu heb je covid"

18 maaie 2021 - 20:40

In man út Easterwâlde hat him by syn oanhâlding ferset en de plysje yn it gesicht kochele en flibe. "Ik heb je gespuugd, nu heb je covid", rôp er nei de plysjes.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

Troch ien yn coronatiid yn it gesicht te flybjen, hat de man út Easterwâlde him skuldich makke oan mishanneling, wie tiisdei it oardiel fan rjochter Gustaaf Wijnands. Fierders hie de fertochte roppen dat er de plysjes deameitsje soe, dat er se it pistoal ôfpakke en delsjitte soe. Boppedat hie er besocht in plysje in kopstjit te jaan.

Oanholden nei ynbraak

De plysjes waarden begjin dizze moanne oproppen omdat de fertochte mei geweld yn in hûs oan de Brink yn Easterwâlde besocht te kommen. Hy hie de foardoar al yntrape doe't de plysje oankaam.

Op de sitting sei de fertochte dat er dêr neat mear fan wist. Hy hat út en troch lêst fan psygoazen en neffens him hie er dy dei ek ien. Fierders nimt er antydepressiva. Yn kombinaasje mei alkohol kin dat gau ferkeard gean. In alkoholtest wiisde út dat de man dy dei dronken hie.

Selstraf en behanneling

De rjochter hat de man trije wiken sel jûn, plus trije wiken ûnder betingst. Boppedat moat er in behanneling ûndergean foar syn alkoholgebrûk, omgean mei agresje en meiwurkje oan alkoholkontrôles. Hy komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring te stean. Fierders moat er in wurkstraf fan fyftich oeren dy't er earder alris ûnder betingst krige, no dochs útfiere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)