Achtkarspelen krijt 'plom' foar ynset foar de Fryske taal

18 maaie 2021 - 20:27

De gemeente Achtkarspelen krijt de kompliminten fan de Ried fan de Fryske Beweging. Achtkarspelen hat koartlyn in pear kear goed sjen litten hoe't in gemeente mei it Frysk omgean kin, fynt de ried. Se jouwe de gemeente dêrom in plom.

It gemeentehûs fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de Ried fan de Fryske Beweging bliuwt it Frysk taalbelied yn in soad gemeenten beheind ta moaie wurden, sûnder praktyske ynfolling. Achtkarspelen lit sjen dat it oars kin. "Mei in ynspirearjend taalbelied en troch it brûken fan it Frysk op ferskate gemeentlike nivo's te stimulearjen en sichtber te meitsjen."

Ynboargering yn it Frysk

Achtkarspelen hat it komplimint fan de ried konkreet te tankjen oan twa resinte aksjes. De gemeenteried freget oan it regear yn Den Haag om Ryksjild beskikber te stellen foar de ynboargering fan statushâlders. Boargemaster Brouwer skreau yn syn brief dat de ynwenners fan Achtkarspelen foar it grutste part Frysktalich binne en dat it dêrom goed wêze soe dat nije ynwenners fan de gemeente it Frysk ek fersteane.

It ministearje gong dêr net yn mei, omdat it Frysk net binnen de wet fan ynboargering falt. Mar de Ried fan de Fryske Beweging priizget Achtkarspelen wol dat se op sa'n wize de yntegraasje fan statushâlders befoarderje woe en tagelyk rjocht dwaan woe oan it Frysk.

De twadde aksje wie it pleatsen fan Frysktalige buorden by it gemeentehûs yn Bûtenpost. Minsken dy't by it gemeentehûs komme, wurde tenei wolkom hjitten yn it Frysk.

"Alle lof en gean sa troch", jout de ried as boadskip mei oan de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)