Operaasje Fryske Flagge: Hester Knol komt bytsje by bytsje wer tichterby Fryslân

18 maaie 2021 - 20:10

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Hester Knol yn Oldenburg yn Dútslân.

Hester Knol - Foto: Omrop Fryslân

Hester Knol wennet no yn Oldenburg

Oldenburg is de nijste yn in hiele rige fan plakken dêr't Hester wenne hat. Se is koartlyn ferhûze út Hamburg wei. De lêste doazen moatte noch útpakt wurde. "We ha no in frijsteand hûs, foar it earst yn ús libben", fertelt se. "Mei in tún, dus dat is hearlik."

Hester wurket foar in bedriuw yn Berlyn. Dat is net om 'e hoeke, mar de ferbining tusken Hamburg en Berlyn is goed. Mar fanwege it coronafirus wurket se al in skoft thús. "Ik bin produktmanager foar in bedriuw dat in app ûntwikkele hat foar falprevinsje. Om foar te kommen dat âldere minsken falle. Ik bin sels beweechwittenskipper, dus dit past der goed by."

Fia Grins nei it bûtenlân

Yn har jeugd wenne Hester yn Easterein, Goutum en Ljouwert. Dêrnei gong se foar har stúdzje nei Grins. Yn totaal hat se dêr sa'n 6,5 jier sitten. Doe begûn it bûtenlânske avontuer, earst nei Marseille.

"It reizgjen hat my altyd wol lutsen", seit se. "Ik ha aardich wat sjoen fan Europa en de wrâld. Yn 2013 bin ik foar myn wurk yn it bûtenlân bedarre, yn Marseille dus. En dêrnei bin ik eins net mear werom kaam nei Nederlân."

It is in bytsje út de hân rûn.

It wie net de bedoeling fan Hester om altyd yn it bûtenlân te bliuwen

Yn Marseille trof se har man, mei him hat se yntusken ek in soantsje. Letter wennen se yn Ulm, Berlyn en Hamburg dus. It wie gjin bewuste kar om foar altyd yn it bûtenlân te bliuwen. "Dat is in bytsje út de hân rûn, haha."

Mar twa oerkes fan Ljouwert

Sawat har hiele famylje wennet noch wol yn Fryslân. "Mei corona wie it in flinke útdaging, mar gewoanwei besykje we om geregeld nei Fryslân te gean. It is wol in stik makliker as doe't ik yn Marseille of Súd-Dútslân siet. Ik wenje no op twa oerkes fan Ljouwert, dus dat stelt neat foar."

Se hat in foto opstjoerd wêrop't se sels posearret mei in mûlkapke mei de Fryske flagge. "Mem hat my dat moaie mûlkapke jûn. Fryslân sit noch echt yn myn hert. It bliuwt altyd myn thús, wêr't ik ek bin op de wrâld."

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)