Ferrommingen net genôch: keatsseizoen begjint noch letter

18 maaie 2021 - 22:15

It nije keatsseizoen begjint dochs net op 4 juny. Dat wie wol it plan fan keatsbûn KNKB, mar de ferrommingen fan de coronaregels steane noch net ta om wer oan de slach te gean sa't de keatswrâld dat wol.

Foto: Omrop Fryslân

It kabinet hat de ôfrûne wiken wat ferrommingen trochfierd, mar dat is foar de KNKB noch net genôch. Dêrom komt 4 juny ek te betiid. Dat is ek nei foaren kaam út in oerlis dat de KNKB hân hat mei sportkoepel NOC*NSF.

It keatsbûn wol gjin nije datum neame wannear't it keatsseizoen no wol begjinne kin. KNKB-foarsitter Marco Hoekstra wol graach dat ferieningen yn de startblokken steane. "Sadree't we it gefoel ha dat it kin, wolle we graach dat ferieningen sa gau as mooglik wedstriden organisearje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)