Ferset tsjin útwreiding bargehâlderij Noardwâlde: "Belangen bewoners worden geschaad"

18 maaie 2021 - 19:27

In groep ynwenners fan Noardwâlde ferset him tsjin de útwreiding fan in bargehâlderij yn it doarp. Se hawwe har beswieren dellein by it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Weststellingwerf.

Foto: Pixabay

De groep hat soargen oer de stjonkerij en it leven fan de bargehâlderij. En se sitte yn noed oer har eigen sûnens: "De belangen van ons als bewoners worden geschaad. De gemeente handelt hierbij onzorgvuldig."

Ynwenners oerlangje de sjenswizen oan it kolleezje - Foto: Lourens Looijenga

B en W sizze dat de bou fan in ekstra stâl gewoan mei neffens de regels. En op grûn fan alle ûndersyk dat oant no ta dien is, kin noch gjin dúdlike útspraak dien wurde oer grutte sûnensrisiko's foar minsken dy't der flakby wenje.

De tsjinstanners sizze dat der net sjoen is nei in nij ûndersyk fan de GGD. Dat pleitet foar weromhâldendheid by nije fergunningen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)