Oersetters ha nei oardel jier 9 fan de 50 Bibelboeken klear: 'linich mar geef'

De inisjatyfnimmers fan de nije Fryske Bibeloersetting ha, nei oardel jier, njoggen fan de fyftich Bibelboeken opnij oerset. De teksten binne fan de oarspronklike talen, it Hebriuwsk en Gryksk, oerset yn 'linich mar geef' eigentiidsk Frysk.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De oersetters binne yn jannewaris ferline jier útein set mei harren 'meunsterput'. Tiisdeimiddei fûnen de inisjatyfnimmers it tiid om de provinsje, as grutte sponsor, in ympresje te jaan fan it wurk. Dat dienen se oan kommissaris fan de Kening Arno Brok en kultuerdeputearre Sietske Poepjes.
It gie, om krekt te wêzen, om in fragmint út it Bibelboek Hannelingen, foarlêzen troch dûmny Liuwe Westra fan Lollum. Underdiel fan dy tekst is de symboalyske sin 'Begripe jo eins wol wat jo lêze?'
Yn de foarige oersetting stiet it wurd 'njirrebrod' foar 'addergebroed'. Mar wa wit no noch wat njirrebrod is?
Ien fan de kwestjes dêr't de oersetters oer stinne
Neffens foarsitter Lútsen Kooistra fan it selskip is dat wêr't it krekt om giet by de nije Fryske Bibeloersetting. Mear as 40 jier nei de oersetting fan 1978 waard it neffens him heech tiid foar in nije oersetting. "Yn de foarige oersetting stiet it wurd 'njirrebrod' foar 'addergebroed'. Mar wa wit no noch wat njirrebrod is?"
Kooistra is der net op tsjin om it moaie wurd 'njirrebrod' wer te brûken, mar dan by foarkar mei taljochting. "Oer sokke saken hawwe de oersetters ûnderling diskusje, en dan komme je ta wat moais," Utgongspunt is om te besykjen om sa ticht mooglik by de oarspronklike talen te bliuwen.

Oersetting as ympuls

De provinsje Fryslân stipet it projekt mei in ton. Neffens kultuerdeputearre Sietske Poepjes is in nije Fryske Bibeloersetting wichtich foar de status fan it Frysk, mar ek foar it korpus fan it skreaune Frysk. Lútsen Kooistra hopet dat de nije Bibeloersetting in ympuls jaan sil oan it brûken fan de Fryske Bibel. Hy hopet ek dat de nije oersetting teätermakkers ynspirearje sil. "Ik bin der wis fan dat in toanielstik op basis fan it Bibelboek Job in soad minsken oansprekke sil."
It oersetwurk oan de Fryske Bibel is it ôfrûne jier mei alle coronabeheinings safolle mooglik trochgien. "It wie wol lestich foar ús, want de oersetters koene inoar skoften lang net moetsje, om oer de teksten te diskusjearjen", fertelt Kooistra. "Zoom wie ek foar ús in útkomst, ek al hat it net elts syn foarkar."
Harkje nei Liuwe Westra en Lútsen Kooistra