Marrit Steenbergen hiel bliid mei sulver, mar "het gat met goud was wel heel klein"

18 maaie 2021 - 18:21

Tolve hûndertsten. Sa'n lyts bytsje skeelde it oft de Nederlânske estafetteploech hie de titel pakt by it Europeesk kampioenskip swimmen. No hellen Ranomi Kromowidjojo, Femke Heemskerk, Kira Toussaint en Marrit Steenbergen fan Easterwâlde op de 4x100 meter frije slach it sulver. It soarget foar mingde gefoelens by de Fryske dielnimster.

De Nederlânske estafetteploech, mei Marrit Steenbergen as twadde fan rjochts - Foto: Orange Pictures

"Natuurlijk ben ik heel blij met de medaille, zilver is altijd heel mooi. Het is lang geleden dat ik in een EK-finale heb mogen staan", fertelt Steenbergen fanút it Hongaarske Boedapest, dêr't dizze wike it EK plakfynt.

Dochs baalt se ek wol in lyts bytsje: "Maar het gat met goud was wel heel klein, dus dat is wel jammer dat we dat net misgrijpen." Grut-Brittannië einige mar 0,12 sekonde foar de Nederlânske froulju.

Steenbergen rapper yn foarrondes

By de foarrondes wie Steenbergen krekt wat flugger as jûns yn de finales. "Dat was wel jammer. Daar baal ik wel van, want ik had harder willen zwemmen dan in de ochtend."

De oarsaak fan de stadigere finaletiid wie neffens de 21-jierrige swimster de 'oernametiid'. Dat is de tiid dy't sit tusken dat de foargeande swimster oantikt en se sels los is fan it startblok. "'s Ochtends was dat 0,2 seconde en in de finale 0,4. Dat is het verschil van die twee tienden die ik 's avonds langzamer was."

Ik wilde heel graag aan mezelf bewijzen dat ik in dit team thuishoor.

Dizze sulveren medalje is foar Steenbergen in befêstiging fan dat se op it goeie paad is

Foarôf wie Steenbergen wol in lyts bytsje senuweftich. It is nammentlik har earste EK yn fiif jier. Yn de tuskenlizzende perioade hat se fysike en mentale problemen hân, mar dizze sulveren medalje is foar har op 'e nij in befêstiging fan dat se op it goeie paad is. "Ik wilde heel graag aan mezelf bewijzen dat ik in dit team thuishoor, dat ik in de finale mocht zwemmen en bij de vier beste Nederlandse zwemsters hoor. Dat heb ik wel aan mezelf bewezen dat ik daarin thuishoor."

Freed wer

Freed komt Steenbergen wer yn aksje. Dan swimt se de 200 meter wikselslach. Dy dei binne de foarrondes en de heale finales en as se har dêrfoar pleatst is sneon de finale. "Ik ga er vrij in en alles geven wat ik heb. Ik zie wel of ik een halve finale kan halen, of niet."

Marrit Steenbergen oer it EK swimmen

(Advertinsje)
(Advertinsje)