'De zoektocht naar pake': Haarlemmer siket oarlochsferline by Aldegea

18 maaie 2021 - 18:03

It begûn allegear mei in briefke dat pake Jakob Stroband fan Aldegea (SWF) út de trein smiten hat op transport fan Ljouwert nei Dútslân yn de Twadde Wrâldoarloch. Pakesizzer Robert Jan van Noort waard nijsgjirrich. Yntusken hat hy it begjin makke fan in rekonstruksje en docht bliken dat pake in grutte rol hie yn it ferset yn Wymbritseradiel.

Jakob (Jaap) Stroband (1915-1991) - Foto: Robert Jan van Noort

"Het briefje ging al een tijd rond in onze familie," fertelt Robert Jan van Noort, dy't yn Haarlem wennet. "Ik wist van het bestaan en zo'n jaar geleden vond ik het briefje terug. Er stonden drie namen op en de tekst: wij zijn op weg naar Duitsland. Daar begon de zoektocht, en die zoektocht is eigenlijk wel verslavend."

Robert Jan wol yntusken in boek oer syn pake skriuwe. Dat wie Jakob (Jaap) Stroband (1915-1991), dy't de skûlnamme Douma brûkte.

Fersetsmaten Andries Hiemstra, Reints Oppewal en Ekke Atsma. Foaroan: Gatse de Groot, dokter Jan Bonga en master Jan Piebenga - Foto: Robert Jan van Noort

Fan de oarlochstiid fan pake wist Robert Jan suver neat, allinne wat flarden. "Ik weet dat hij krantjes had en vanuit een hooiberg verzetswerk deed. Ook dat hij naar Duitsland is vervoerd, daar ontsnapt is en op klompen terug is gelopen naar Nederland. Maar daar hield het eigenlijk mee op."

De argiven yn

Van Noort gie dêrom de argiven yn en ûntduts dat syn pake hiel aktyf west hat. "Ik kwam er achter dat hij plaatsvervangend rayonhoofd was. Hij is betrokken geweest bij honderden onderduikers, onder wie zestig joden. Dat moet een bloedstollend verhaal zijn geweest."

Robert Jan van Noort is op syk nei it fersetsferline fan syn pake

En sa komt it iene nei it oare ferhaal boppe wetter. "Van gevangeniskraken tot een ontploffende trein. Maar momenteel vind ik de kleinere verhalen ook interessant."

Rekonstruksje fan ferhalen

Hy fertelt in foarbyld oer in razzia yn Aldegea. "De Duitsers hadden het schoolhoofd Piebenga te pakken en waren in zijn huis op zoek waren naar wapens. De Duitsers konden de wapens niet vinden, die in de school lagen. Toen hebben ze een plan bedacht om de wapens in tobben te doen met wasgoed eroverheen, zodat ze ongezien langs de bewakers konden lopen. Zo hebben ze de wapens langzaam in de sloot aan de overkant laten zakken."

Robert Jan njonken syn pake yn 1979 - Foto: Robert Jan van Noort

Yn it lêste jier fan de oarloch is it meast bard, sa docht wol bliken. "Het is een reconstructie. Omdat er zo weinig verhalen uit de familie bekend zijn, probeer ik het leven van opa op te tuigen."

Van Noort siket help

Dêr kin Robert Jan noch wol wat help by brûke. Hy siket benammen ferhalen út de omkriten fan Aldegea, De Gaastmar, Abbegea, Drylts en Nijesyl. "In al die dorpen moet mijn opa actief zijn geweest. Misschien weten mensen nog namen van onderduikers of evacuees. Of kennen ze verhalen over wat er bij razzia's gebeurd is."

Spesifyk is hy ek noch op syk nei hoe't it mei twa froulju ôfrûn is. "Ank Haagsma en Tine Zijlstra. Haagsma was verloofd met een jonge uit Abbega: Jacob Wilbers. En Tine Zijlstra uit Sneek was koerierster en de vriendin van Johannes Wissink. Beide mannen zijn gefusilleerd door de Duitsers. Wat beide vrouwen betreft loopt mijn spoor dood."

Witte jo mear oer pake Jakob Stroband of kenne jo oarlochsferhalen út Wymbritseradiel? Nim kontakt op mei Robert Jan van Noort op syn Facebookside De zoektocht naar pake of fia robert@pankra.com.

(Advertinsje)
(Advertinsje)