Troch corona troffen keunstners fiere fergees fakânsje by De Pomp

It is in bysûnder inisjatyf fan camping It Dreamlân by De Pomp:.minsken út de keunst- en kultuersektor, dy't hurd troffen binne troch de coronakrisis, meie dêr fergees yn in bysûnder húske ferbliuwe. Eigener Minke Schouten fan de camping fynt keunst en kultuer fan libbensbelang en woe yn dizze tiid wat weromdwaan foar de sektor.
De gasten kinne in wike lang yn in húske oernachtsje. Sy meie eventueel ek harren partner en bern meinimme. Der is dit campingseizoen plak foar sa'n 25 minsken, dy't elkoar om de wike ôfwikselje. Omdat der in hiel soad oanfragen binne, set de camping it inisjatyf ek takom jier troch.

Mear as hûndert oanfragen

"We hebben wel over de honderd aanvragen gehad", fertelt Schouten. "De groep is heel divers en ontzettend leuk: van musici en schrijvers tot kunstenaars en zelfs circusartiesten. Volgend jaar beginnen we wat eerder en is er ook ruimte voor mensen die nu achter het net hebben gevist. Misschien zijn er ook nog wel andere ondernemers in de buurt die een accommodatie ter beschikking willen stellen, zodat mensen die op de wachtlijst staan daar terecht kunnen."
© Sake Beerstra, RTV NOF
Ien fan de gasten is Talia Stone út Amsterdam. Sy is skriuwster en joech ek rûnliedingen oan toeristen yn 'e haadstêd. Troch corona is har ynkommen lykwols folslein ferdwûn.

Te plak

Dat se no foar fakânsje te plak kin op It Dreamlân, docht har wol goed. "Het is echt fantastisch. Je bent lekker buiten en op dit moment werkt het weer nog redelijk mee. Het is een mooi initiatief. Ik ben er nu echt even helemaal uit."
Ferslachjouwer Mats Gies seach op camping It Dreamlân