Ynteresse fan PEC Zwolle en Feyenoord yn Sipke Hulshoff

18 maaie 2021 - 16:38

Sipke Hulshoff stiet mooglik foar in stap nei de earedifyzje. Der is belangstelling út de earedifyzje foar de Ljouwerter fuotbaltrainer, dy't op it stuit wurket as assistint fan Wim Jonk by FC Volendam. PEC Zwolle wol him as assistint fan de nije haadtrainer Art Langeler oanstelle en by Feyenoord soe Hulshoff oan 'e slach kinne as trainer fan de beloften.

Sipke Hulshoff mei links njonken him FC Volendam-trainer Wim Jonk - Foto: Orange Pictures

Der is noch wol mear belangstelling foar de âld-trainer fan SC Cambuur, mar PEC Zwolle en Feyenoord binne it meast konkreet. Ek kin Hulshoff gewoan by FC Volendam bliuwe, dêr't er no wurket en ek noch in jier ûnder kontrakt stiet.

It seizoen fan de Volendammers sit derop, troch de 4-1 nederlaach yn de play-offs tsjin NAC Breda. De kommende wiken sil dêrom mear dúdlik wurde oer wat Hulshoff dwaan sil.

Alde bekende by Feyenoord

De link mei Feyenoord is gau makke. By Cambuur wurke Hulshoff op lykweardige basis gear mei Arne Slot, dy't de nije haadtrainer is fan de Rotterdammers. Yn 2016 waarden Hulshoff en Slot tegearre haadtrainer by Cambuur, doe't Rob Maas ûntslein waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)