Kontroversjele rûte stroomkabel troch Skier noch net yn kalk en semint

18 maaie 2021 - 16:14

It stiet noch net fêst dat in stroomkabel dwers troch Skiermûntseach lutsen wurdt. Demisjonêr minister Bas van 't Wout fan Ekonomyske Saken en Klimaat skriuwt oan de Twadde Keamer dat er oare opsjes iepen hâldt.

Nasjonaal Park Skiermûntseach - Foto: Shutterstock.com (Hollandluchtfoto)

De kabel is nedich foar de stroom fan in nij wynmûnepark, noardlik fan it eilân. Der wiene ferskate rûtes mooglik, mar dy oer Skiermûntseach krige de foarkar.

De plannen hâlde it eilân al in skoft yn de besmijing. In aparte wurkgroep fiert aksje tsjin de stroomkabel en ek boargemaster Ineke van Gent sjocht it net sitten. Se binne benaud dat de natuer fan it eilân in soad skea oprint troch de kabel.

Yn de Twadde Keamer hat Tjeerd de Groot fan D66 in debat oanfrege.

Tsjinstanners fan de rûte troch Skiermûntseach wolle dat de kabel in rûte folget dy't oer it easten giet. Mar yn syn brief oan de Twadde Keamer skriuwt Van 't Wout der dat gebiet reservearje wol foar takomstige, swierdere kabels.

Foto: Omrop Fryslân

Mar Van 't Wout hâldt de opsje iepen om ek dizze de kabel dochs net troch Skiermûntseach hinne te lûken. It kommende healjier wurdt ûndersocht oft de ferbining troch it Waadgebiet past yn de takomstplannen. Tagelyk wurdt ûndersocht wat de gefolgen binne foar de natuer en de lânbou.

TenneT net benaud foar beslút minister

Wurdfierder Jorrit de Jong fan enerzjybedriuw TenneT seit it goed te finen dat de minister antwurd jûn hat op fragen út de Keamer en de media. "Het is een zorgvuldig en goed afgewogen proces dat we volgen, samen met de betrokkenen." Hy seit te snappen dat minsken harren soargen meitsje om de natuer.

Wurdfierder Jorrit de Jong fan TenneT

De Jong is net benaud dat de polityk aanst dochs foar de eastlike rûte kiest. "Er is een onderzoek gaande naar toekomstige windparken op zee, want we verwachten dat er meer nodig zijn met de klimaatdoelstellingen. Wij denken dat uit het onderzoek blijkt dat er in de toekomst meer windparken nodig zijn. Het oostelijke tracé moeten we vrijhouden voor de toekomst."

Gjin stappen dy't net mear werom te draaien binne

De minister seit ta dat it kommende healjier gjin stappen set wurde dy't net mear werom te draaien binne. "Als in het najaar blijkt dat er goede redenen zijn om het gekozen voorkeurstracé te wijzigen, dan neem ik dat in overweging. Randvoorwaarden daarbij zijn dat de natuurwaarden in het Waddengebied niet onherstelbaar worden beschadigd en de klimaatdoelen voor 2030 worden gehaald."

(Advertinsje)
(Advertinsje)