Fryske begrutting troch de helte, mar jild foar Thialf bliuwt 'needsaaklik'

De begrutting fan de provinsje Fryslân giet sa goed as troch de helte. Om goed út de coronakrisis te kommen, komme der allinne noch mar foarstellen dy't perfoarst needsaaklik binne. Jild foar iisstadion Thialf bygelyks, seit it provinsjebestoer.
Deputearre Sander de Rouwe hat de begrutting yn syn portefúlje © ANP
De kommende jierren giet de begrutting werom fan goed 550 miljoen euro yn 2021 nei sa'n 310 miljoen euro yn de jierren dêrnei. Dat meldt de provinsje. Deputearre Steaten wol neat mear dwaan wat net ûnûntkomber, ûnútstelber en ûnfoarsjoen is, of wetlik ferplichte.

Noch wol jild nei Thialf

Ien fan de saken dêr't de provinsje noch wol yn ynvestearret, is it iisstadion Thialf. Dêr giet tenei mear as in heal miljoen euro yn it jier hinne, as it oan it provinsjebestjoer leit. De Steateleden moatte der noch wol oer stimme.
Earder konkludearre in ûndersykskommisje dat Thialf net oerein te hâlden is sûnder stipe fan de oerheid.
De provinsje set no ekstra yn op it binnenheljen fan jild út Europa. "Wy komme net mei nije ambysjes", sei deputearre Sander de Rouwe by de presintaasje fan de jierstikken.

Fryslân hâldt jild oer

Yn de stikken is te sjen dat Fryslân jild oerhâldt. Neffens de provinsje komt dat ûnder oare troch tafallers by de útkearing fan it provinsjefûns, legere ôfskriuwingslêsten en it frijfallen fan in oantal tydlike budzjetten.
It provinsjebestjoer wol in grut part fan jild dat oerbleaun is, ynsette foar deselde ûnderwerpen dêr't it al foar bedoeld wie. Dat binne ûnder oare de oanpak fan net-befeilige spoaroergongen, en de gebietsûnwikkeling WTC Ljouwert.
Harkje nei deputearre Sander de Rouwe