Undersyk op Skiermûntseach: it beweidzjen fan kwelders giet slitaazje tsjin

18 maaie 2021 - 15:50

In ûndersyk op Skiermûntseach hat útwiisd dat it weidzje litten fan kij en lytse plante-iters as hazzen en guozzen helpe kin tsjin it útsliten fan kwelderlân. Dat binne de gebieten bûtendyks, dy't ûnder it sâlte wetter strûpe kinne. It gerskjen kin dus kustbeskerming opsmite.

Kij by kweldergebiet op Skiermûntseach - Foto: Shutterstock.com (TasfotoNL)

It ûndersyk is fan ekolooch Beatriz Marin-Diaz fan Rijksuniversiteit Groningen en it Koninklijk Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ). Sy publisearre de resultaten fan har ûndersyk yn it Journal of Applied Ecology.

Kwetsbere kwelders

Kwelders wurde hieltyd mear kwetsber troch de seespegelstiging, it sakjen fan it lân en it faker foarkommen fan winterstoarmen. Dêrtroch slyt it bûtendyks gebiet.

Stevige grûn

Kij kinne helpe om eroazje tsjin te gean: troch it rinnen oer it kwelderlân wurdt de grûn steviger. Ek lytse plante-iters kinne helpe. Sy ite planten mei minder woartels. Trochdat dizze planten fuorthelle wurde, kinne der mear planten groeie dy't de boaiem wol better fêsthâlde.

Wol is it sa dat dizze effekten benammen posityf binne op kwelders mei fine sânkerrels. As der minder oanfier fan nij sân is, kinne je yntinsyf gerskje better tsjingean, want oars sakket de boaiem wer tefolle.

Behear

Marin-Diaz die it ûndersyk op Skiermûntseach, dêr soarget de seestreaming derfoar dat kwelders nei it easten groeie. Kwelderlân komt benammen foar by de Waadeilannen en de kust fan Fryslân en Seelân. Mei de resultaten kin bûtendyks behear better beheard wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)